Nij skoalgebou foar Koudum

Koudum krijt in nij skoalgebou, dêr't CBS Grovestinshôf en OBS De Welle beide in plak yn krije. De twa skoalbestjoeren meitsje gebrûk fan de oerienkomst, dy't yn oktober sletten is troch de gemeente en alle tsien skoalbestjoeren fan de gemeente. Yn dit Húsfestingsplan foar it Basisûnderwiis stiet, dat nijbou allinnich mooglik is as twa of mear skoallen ûnder ien dak wolle.
Fúzje is net needsaaklik. Yn Koudum bliuwe de skoallen foarearst selsstannich. De boukosten bedrage mei-inoar hast 3 miljoen euro.
Yn Koudum giet it om in kristlike en in iepenbiere skoalle, mar dat wie foar belutsen skoalbestjoeren en it doarp gjin probleem.