IIs moat Fryslân ferbine

20 nov 2013 - 00:18
  • Reedride

Op de jiergearkomste fan it Bûn fan IIsklups, it gewest Fryslân fan 'e KNSB, waard it bidboek troch de oanwêzige klups sûnder wryt of slyt oannommen. Mei dat plan wol it gewest Fryslân de natoeriisklups bine en ferbine. Mei in protte ambysje wol Fryslân de reedrydprovinsje fan Nederlân bliuwe, mei in protte sizzenskip foar it eigen gewest.

De iisferienings yn de stêden en doarpen soene ek allegear lid wurde moatte fan 'e KNSB. No is de helte mar lid. Foarsitter Jelle Wesselius joech nei tsien jier de foarsittershammer oer oan Eelke Lok.

Wesselius waard yn iisstadion Thialf beneamd ta earelid fan it Bûn fan IIsklups. Deselde earetitel wie der ek foar Piet Tjepkema. Bestjoersleden fan de oansletten klups dy't al 25 of sels 40 jier warber binne foar de iiswille op harren baan krigen in spjelde foar de fertsjinsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)