Flyers pakt punt fan Den Haach

© Foto Martin de Jong
De iishockeyers fan de Flyers hawwe woansdeitejûn in punt oerhâlden oan it duel tsjin it sterke Den Haach. Nei de reguliere spyltiid wie de stân 2-2, mar Matt Korthuis (eks-Flyers) besoarge Den Haach yn de ferlinging dochs noch de winst. It wie de earste wedstriid yn de kampioenspûl om it kampioenskip fan Nederlân.
It is foar it earst dit seizoen dat de Flyers in punt pakke fan Den Haach. De fjouwer eardere konfrontaasjes waarden allegear ferlern. Freed spylje de Flyers de útwedstriid tsjin Tilburch.