Fallisemint foar De Skâns

19 nov 2013 - 20:20

Kultureel sintrum De Skâns op 'e Gordyk is troch de rjochter fallyt ferklearre. It fallisemint is troch de stichting achter it sintrum sels oanfrege. De stichting waard yn septimber feroardield ta it beteljen fan in ûntslachfergoeding oan de eardere direkteur. Omdat de gemeentlike subsydzje dêr't De Skâns foar in grut diel op draait net foar de ûntslachfergoeding ynset wurde mei, koe de fergoeding net betelle wurde. Dêrop waard it fallisemint oanfrege.

Yn in earste petear mei de kurator is ôfpraat dat De Skâns foarearst iepenbliuwt.

Foar it personiel fan De Skâns wurdt ûntslach oanfrege by it UWV. Dat personiel hat noch wol syn salaris oer novimber útbetelle krigen. Ek de gemeente Opsterlân sil him der foar ynsette dat it kultureel sintrum iepenbliuwt, sa wurdt yn in ferklearring oanjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)