Bou akwadukt Burgum kin los

19 nov 2013 - 17:29

De bou fan it akwadukt by Burgum kin begjinne. Oannimmerskombinaasje Mobilis/Van Gelder út it westen fan it lân sil foar hast 47 miljoen euro oan de slach mei it middelste part fan de Sintrale As, de ferbiningsdyk tusken Dokkum en Nyegea. Njonken it akwadukt komt der ek in nije brêge en rûnwei om Burgum hinne.

De oannimmerskombinaasje sil yn april takom jier útein sette mei it wurk. Dit waard tiisdei bekend makke op in parsekonferinsje fan provinsje en gemeente Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
Sintrale As Burgum akwadukt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)