100 ljochtmêsten komme werom

19 nov 2013 - 17:22

De gemeente Ljouwert pleatst hast 100 fan de út de gemeente fuorthelle ljochtmêsten wer werom. Dat is besletten neidat der in soad protesten tsjin it fuortheljen kamen. It giet om ljochtmêsten op rekreative rûtes. Dy wurde ferfongen troch enerzjysunige eksimplaren.

As kompensaasje sil de gemeente 85 oare mêsten fuorthelje. Dêrneist wurde de ljochten dy't tydlik útset waarden no wer oanset. Ljouwert wol besykje om nei ferrin fan tiid tûzen mêsten minder te hawwen. De teller stiet yntusken op rom 430.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)