'Pak yn 'e bak' yn Donkerbroek

De brêge yn it sintrum fan Donkerbroek © H.P. Burger, Wikimedia Commons
Yn Donkerbroek begjint moandei in proef mei it skieden ynsammeljen fan kartonnen ferpakkings. Ynwenners fan it doarp krije in spesjale kontener dêr't se de molke- en fruchtesoppakken ynsmite kinne. It karton wurdt dêrnei ophelle en opnij brûkt, lykas it laminearlaachje dat op de pakken sit.
It doel fan de proef is dat der tritich prosint minder ôffal yn de grize kontener ferdwynt. De proef duorret in jier en is in inisjatyf fan ôffalferwurker Omrin, de gemeente Eaststellingwerf en doarpsbelang Donkerbroek.