1e faze Riedhúsplein klear

Boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân hawwe tiisdei oan bewenners fan it Riedhúsplein yn Drachten in feger en blik útdield. Dit waard dien om't oer in pear wike de earste faze fan de bouwurksumheden oan it Riedhúsplein oplevere wurdt. It giet om de bou fan nije wenten, winkelromte en in ûndergrûnse parkeargaraazje.
Ek wurdt hurd wurke oan de ynrjochting fan it gebiet dêr't fanwege it wurk in protte sân, modder en stof leit. Boargemaster Tjeerd van Bekkum dielde ek feger en blik-setsjes út yn in flat oan it Riedhúsplein.
Alle wurksumheden oan it Riedhúsplein binne pas yn 2016 klear.