Ynboargeringskursus Drachten

Dielnimmers oan in ynboargeringskursus yn Fryslân © Omrop Fryslân
Vluchtelingenwerk Noard-Nederlân organisearret fan 1 jannewaris ôf yn Drachten in ekstra ynboargeringskursus foar flechtlingen. Dêrmei komt it tal kursusplakken yn it Noarden op acht. Njonken Drachten binne dat It Hearrenfean, Dokkum, Snits, Assen, Emmen, Grins en Winsum.
De ekstra training is tsjin de trend yn. Op oare plakken yn Nederlân nimt it tal flechtlingen dat op kursus giet allinnich mar ôf. Yn Ljouwert hâlde de kursus foar de simmerfakânsje op, sûnder dat der dúdlikheid wie oer in mooglik ferfolch.