BING ûndersiket 'Hearrenfean'

19 nov 2013 - 11:11

De gemeenteried fan Hearrenfean wol dat der gau úteinset wurdt mei in ûnôfhinklik ûndersyk nei it oer de mail lekken fan fertroulike ynformaasje nei de parse. It Bureau Integriteit Nederlandse Gemeenten BING sil ûndersykje oft boargemaster Van der Zwan ynteger hannele hat by it ûndersyk nei wa't fertroulike ynformaasje nei de Ljouwerter Krante stjoerde.

Ek wol de ried wite hoe't der krekt yn kompjûtersystemen socht is nei it lek en wat it algemiene oardiel fan BING oer dizze affêre is. Tongersdei wurde de krekte ûndersykfragen bepraat.

Dat wurdt dien op in ekstra riedsgearkomste. Fanwege de affêre sit wethâder Age Hartsuiker fan Gemeentebelangen Hearrenfean siik thús. Hy fielt him oantaast yn syn goeie namme. It bestjoer fan Gemeentebelangen is opstapt fanwege de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)