Oerfal op wente Hilaard

19 nov 2013 - 09:24

Der hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in oerfal west yn in wente oan It Westerhûs yn Hilaard. De 66-jierrige bewenner waard wekker en ûntduts twa manlju yn syn sliepkeamer. It slachtoffer waard bedrige en krige in klap.

De fertochten hawwe in lyts jildbedrach stellen en binne oanslutend útnaaid. De plysje is dwaande mei it ûndersyk mar hat de fertochten noch net wer fine kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)