Jacobi stimt tsjin JSF

PvdA-keamerlid Lutz Jacobi
Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea stimt tiisdei tsjin de JSF. Har partij, de PvdA, gong earder yn de ûnderhannelings wol akkoart mei de oankeap fan 37 fleantastellen.
Neffens de Wergeaster is lykwols hielendal noch net dúdlik hoe grut de lûdsoerlêst foar omwenners fan de fleanbasis fan Ljouwert en it Brabânske Volkel wêze sil. Jacobi stimt dêrom tiisdei yn de Twadde Keamer foar in moasje wermei't útstel fan de JSF mooglik makke wurdt.