Stripboek foar skoalbern

© Fries Fersetsmuseum
Op de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden hawwe learlingen fan groep sân en acht moandei fergees it stripboek De Untdekking krigen. Yn it boek fan Eric Heuvel is it ferhaal oer de besetting en de Twadde Wrâldoarloch tagonklik makke foar jonge bern. It boek kin brûkt wurde as lesmateriaal.
Troch finansjele stipe fan de Stichting Friesland 1940-1945 en Sneek 1940-1945 kin it boek fergees útrikt wurde op alle trijtalige skoallen yn Fryslân. Dêrneist is it te keap yn it Fries Museum en by de Afûk.