'Hegere ynkommensgrins hieren'

18 nov 2013 - 18:51
  • Hierwenten fan De Wieren yn Snits

De ynkommensgrins foar sosjale hierwenten moat omheech. Dat fynt PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Monasch út Snits. No komme minsken dy't net mear as 34.000 euro fertsjinje yn oanmerking foar in sosjale hierwente. Monasch wol dy grins op 43.000 euro stelle. Neffens him is dat nedich, omdat no noch tefolle minsken te min fertsjinje foar in hierwenning yn de frije sektor.

Monasch fynt wol dat de maatregel foar fiif jier jilde moat. Dêrnei moat besjoen wurde oft de ynkommensgrins wer nei ûnderen kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)