Noch soad fragen oer Heak

By de ynwenners fan Wurdum libje noch in soad fragen oer de Heak om Ljouwert. Dat die woansdei bliken op in ynformaasjejûn oer it súdlik part fan de nije dyk. De fragen giene oer de fytspaden nei Ljouwert, mar ek oer de krusing yn de Oenemawei rjochting Wytgaard. In tal ynwenners hie ferwachte dat dy in fytstunnel krije soe.
By Wurdum wurde meardere keunstwurken oanlein dy't derfoar soargje moatte dat ferkear op de Heak de A32 kruse kin. It wurk oan de dyk is yntusken begûn, oer twa jier moat it klear wêze.