'Yllegaal fjoerwurk gefaarlik'

De plysje hat de hannen fol oan yllegaal fjoerwurk. Fanwege in bloeiende hannel op ynternet dûkt it oeral op. It is gefaarlik, want it foldocht net oan feilichheidseasken en it sit fol fergiftige stoffen foar kleuren en oare effekten.
Fiif Fryske plysjes wurkje oan de opspoaring fan yllegaal fjoerwurk. Dit wykein is yn Grou fjoerwurk yn beslach naam fan Poalske webshops. In pakket swier fjoerwurk waard ferkeard besoarge en is oerdroegen oan de plysje. Fierders hat in frou de plysje melden dat har soan yn Poalsk nitraatfjoerwurk hannele.
Der rint op 't heden in lanlike kampanje tsjin yllegaal fjoerwurk. De plysje spoart minsken op dy't op ynternet sok guod besteld hawwe. Sy krije in mail mei in filmke fan de plysje mei de warskôging dat der swiere sanksjes op de oanskaf stean. Dêrneist komme se mei harren inisjalen op in spesjale website te stean. Der wurdt wurke oan Europeeske regeljouwing, sadat de easken foar fjoerwurk yn alle EU-lannen deselde binne en de yllegale hannel makliker te bestriden. Dochs sil ynternethannel altyd bliuwe en is it net hielendal út te bannen.