PvdA wol ûnôfhinklik ûndersyk

18 nov 2013 - 15:43
  • Jelle Zoetendal, PvdA gemeente Hearrenfean

Der moat in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de proseduere yn de e-mail-affêre op yn gemeente Hearrefean. Dat seit fraksjefoarsitter Jelle Zoetendal fan de PvdA. Om in lek op te spoaren hat boargemaster van der Zwan ûndersyk dwaan litten nei it e-mailferkear fan ûnder oare de ried en it kolleezje.

De fraach is no oft de boargemaster de saak op de goede manier ûndersocht hat en oft er de mail ynsjen mocht fan de riedsleden. In ûnôfhinklik ûndersyk soe op dy fraach in antwurd jaan moatte, seit Zoetendal fan de PvdA.

By it ûndersyk fan de boargemaster kaam oan it ljocht dat in riedslid fan Gemeentebelangen stikken krigen hie fan wethâlder Hartsuiker, en dat dy stikken sa by de krante telâne kaam binne. Riedslid Tuithof is ûnderwilens út de partij Gemeentebelangen set en wethâlder Hartsuiker sit siik thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)