Aksje foar Filipinen

18 nov 2013 - 15:32

Trettjin prosint fan de Friezen hat al jild jûn foar de helpaksje foar de Filipinen. Dat docht bliken út ûndersyk fan EenVandaag en Omrop Fryslân ûnder hast sânhûndert Friezen. Ien op de fjouwer ûnderfregen is fan doel om noch jild te jaan, 44 prosint seit gjin bydrage leverje te wollen en 18 prosint wit it noch net.

Redenen om net te jaan binne it idee dat it jild net op it goede plak komt, of dat minsken sels net safolle te besteegjen hawwe. Minsken dy't wol jouwe, drage op syn meast 25 euro by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)