Syktocht nei fermiste plysje

01 feb 2012 - 19:58

De plysje is op syk nei Friso Wouda (30). De plysje yn oplieding by de regioplysje Grins wurdt sûnt tiisdei fermist. Doe waard er moarns foar it lêst sjoen yn syn wenplak Grins. Omdat Wouda yn Fryslân berne is wurdt net útsletten dat er yn ús provinsje sit.

De plysje en syn famylje meitsje har earnstich soargen oer de sûnens fan de man. Mooglik hat er ek syn tsjinstwapen by him. Wa't wit wêr't Friso Wouda is wurdt frege de plysje te beljen fia 112.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)