UWV-kantoar bliuwt foarearst

18 nov 2013 - 13:49

It UWV-kantoar yn Ljouwert bliuwt langer iepen. De ferhuzing nei Grins is útsteld oant 31 desimber 2017. De goed trijehûndert wurknimmers hawwe dat moandei te hearren krige. Reden foar it útstel is dat it kantoar yn Ljouwert it drok hat mei de oanfragen fan WW-útkearings. Om al dy oanfragen goed te ferwurkjen te kinnen, is mear personiel nedich as earst tocht waard.

De ferhuzing is oplein troch it kabinet om te kommen ta in lytsere organisaasje. Fanwege de grutte wurkleazens is dat no ta net slagge.

Trefwurden: 
Ljouwert UWV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)