Nije wike nij H'feanbestjoer

18 nov 2013 - 13:15

Sportklup Hearrenfean wol takom wike it nije bestjoer bekend meitsje. Dat seit Jos Vaessen. De kommisje-Vaessen en Koopmans is mei it Stichtingsbestjoer dwaande om foarm te jaan oan it nije bestjoer. De streefdatum wie moandei, mar omdat de ûndernimmingsried let berjocht krigen hat, is it útsteld.

De ûndernimmingsried moat noch wol in posityf advys jaan, mar Vaessen ferwachtet gjin problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)