Besunigings Omrop jier opskood

Steatssekretaris Sander Dekker hat de besunigings op de regionale omroppen mei in jier opskood. Se gean no yn 2017 yn en net yn 2016. Dat stiet yn in brief dy't Dekker nei de Twadde Keamer stjoerd hat.
De Twadde Keamer hat yn it hjerstakkoart besletten dat de besunigings fan 100 nei 50 miljoen gean soene. Dat betsjut foar de regionale omroppen dat sy gjin 25, mar 17 miljoen besunigje moatte. Dat is goed 10% fan it budzjet. De omrop soe oardel miljoen euro besunigje moatte en dat betsjut ûntslaggen foar fêste meiwurkers.