Tuithof: gjin spyt fan lekken

Riedslid Dirk Tuithof fan Gemeentebelangen Hearrenfean hat gjin spyt fan it lekken fan ynformaasje nei de Ljouwerter Krante. Syn partij wurdt al langere tiid beneidiele en der wurde politike spultsjes spile, seit er. Mei it lekken fan in brief nei de parse woe Tuithof dêr in ein oan meitsje. Dêrom is er troch Gemeentebelangen út de partij set.
It lek kaam oan it ljocht nei in yntern ûndersyk nei e-mails fan ûnder oaren riedsleden. Neffens Tuithof mei dat hielendal net. Hy sil oanjefte dwaan tsjin de boargemaster.
Tuithof bliuwt wol oan as riedslid. Hy hat noch in moanne rjocht op syn sit. Dêrnei komt der in nije gemeenteried.