Fytsaksje foar de Filipinen

It hiele lân wurdt moandei oproppen jild oer te meitsjen foar de slachtoffers op de Filipinen. Ek yn Fryslân binne ferskate inisjativen. Sa giet Mattijs de Vries út Ljouwert wei op de fyts mei kollektebus rjochting Hilversum. Underweis hellet er jild op en it doel is om ek noch yn de televyzje-útstjoering te kommen.
De Ljouwerter hopet sa 1500 euro bymekoar te fytsen foar de Filipinen. De fytstocht fan 160 kilometer docht De Vries op in âlde rikrakfyts en hy wurdt bystien troch twa freonen, dy't mei in auto achter him oan ride.
Hielendal sûnder problemen is de tocht net, by Akkrum krige de fytser al in stikkene bân. In pleatslike fytsmakker hat de fyts fuortdaliks wer foar him makke.
De Filipinen waard in goed wike lyn ferline troffen troch in tyfoan mei tûzenen deaden as gefolch. Nochris hûnderttûzenen minsken sitte sûnder dak boppe de holle en soms sels sûnder iten. Om dy minsken te helpen wurdt jild ynsammele op giro 555. Jûns is der in grutte tillevyzje-aksje.