Wa is Help fan it jier 2013

18 nov 2013 - 08:17

Trije Friezen binne nominearre foar de ferkiezing 'Hulp van het Jaar 2013'. De ferkiezing wurdt foar it earst holden en wurdt organisearre troch ferskate soarchpartners.

Yn Ljouwert is Gea Bruinsma nominearre. Se jout mantelsoarch oan har mem en hat dêrnjonken noch in baan. Corrie de Boer út De Rottefalle hat har eigen thússoarchbedriuw mei tal fan klanten. Yn Donkerbroek hat Anieta Roordink mei har man in soarchbuorkerij en jout se ûnder oare help oan minsken mei psychyske problemen. Se wurket ek noch twa dagen foar Talant.

Trefwurden: 
soarch Help fan it Jier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)