Bettere oplieding Fier Fryslân

01 feb 2012 - 18:15

Opfangorganisaasje Fier Fryslân giet in gearwurking oan mei it Friesland College yn Ljouwert. Doel is famkes dy't troch Fier Fryslân opfongen wurde bettere mooglikheden foar in oplieding te jaan. Foarhinne moasten se dy oplieding folgje fia ynternet, no kin dat ek op it Friesland College. Fier Fryslân hat dêr ôfspraken oer makke mei de skoalle.

Yntusken folgje de earste famkes al in oplieding op it Friesland College, doel is dat oantal de kommende tiid út te wreidzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)