Wüst yn nat. rekôr nei brûns

17 nov 2013 - 22:46

Ireen Wüst hat har Nederlânsk rekôr op de 1000 meter wer werom. Ferline wike yn Calgary kaam it op namme fan Lotte van Beek mei 1.13.36. Wüst ried yn Salt Lake City nei 1.13.33. Dat wie goed foar it brûns. It goud, mei in wrâldrekôr, wie foar de Amerikaanse Brittany Bowe yn 1.12.58. Har lângenoate Heather Richardson waard twadde yn 1.12.61. Margot Boer waard fiifde yn in persoanlik rekôr: 1.13.77. Lotte van Beek waard njoggende yn 1.14.13.

Manon Kamminga ried yn de B groep nei in twadde plak mei in dik persoanlik rekôr fan 1.14.94.

It wrâldrekôr op de 1000 meter wie yn hannen fan Christine Nesbitt. De Kanadese ried op 28 jannewaris 2012 yn Calgary 1.12.68.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)