Shorttrackmanlju neist poadium

17 nov 2013 - 16:11
  • Argyffoto Sjinkie Knegt

De Nederlânske shorttrackmanlju mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Niels Kerstholt en Freek van der Wart binne snein krekt neist it poadium einige op it ûnderdiel relay by de wrâldbekerwedstriden yn it Russyske Kolomna. Slotrider Knegt fan Bantegea gong krekt foar de einstreek ûnderút en seach dêrmei it brûns oan syn noas foarby gean. Nederlân einige troch de útglider op it fjirde plak.

De winst gong nei Amearika, Ruslân waard twadde, Súd-Koreä tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)