Gjin bestjoer GemeenteBelangen

17 nov 2013 - 15:34
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

It bestjoer fan Gemeente Belangen Hearrenfean is snein opstapt en riedslid Dick Tuithof út de partij setten. It bestjoer docht dit om de nije fraksje in frisse start te jaan. Freed die bliken dat boargemaster Van der Zwan emailferkear fan riedsleden besjoen hat omdat der fertroulike ynformaasje nei de parse lekt wie.

Wethâlder Age Hartsuiker hie ynformaasje oer begruttingsfoarstellen trochstjoerd nei de fraksje fan GemeenteBelangen. Dêrnei kaam it by de Ljouwerter Krante telâne. Riedslid Tuithof soe it lek west hawwe.

Wethâlder Age Hartsuiker sit yntusken siik thús. It bestjoer seit net wat hy dwaan moat. Dat is syn eigen ferantwurdelikheid. De nije fraksje sil ûnder lieding fan Jan Hemminga de koalysjeûnderhannelings fiere. Yn it bestjoer sieten Danny Micola en Bouke Kramer. Wa't harren opfolgje sille is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)