Himpplantaazjes oprôle

01 feb 2012 - 17:54
  • Himp

De plysje hat woansdeitemiddei op twa plakken yn Ljouwert himpplantaazjes oprôle. De grutste waard fûn yn de Willem Sprengerstraat. Dêr stiene goed 350 planten. De stroom waard der yllegaal ôftape. De plysje fûn yn it pân gjin minsken.

Yn in plantaazje yn De Gealannen waard wol in persoan oanhâlden. Dêr waarden hast 100 planten fûn. Ek hjir waard de stroom yllegaal ôftape. Alle planten en byhearrende apparatuer binne yntusken ferneatige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)