Plysjeman slein op De Lemmer

Plysje-embleem © ANP
In plysjeman is yn de nacht fan sneon op snein op De Lemmer licht ferwûne rekke by in fjochtpartij. Yn in kafee oan de Koartestreek wiene in 20-jierrige man út Sondel en in 19-jierrige Balkster ferfelend. In petear mei de plysje hie gjin resultaat en de sfear waard allinnich mar grimmitiger.
Doe't in plysjeman de Balkster by de jas pakte, fleach de man út Sondel him oan en ûntstie der in fjochtpartij. Mei help fan de portiers koene de beide manlju oanhâlden wurde en binne se oerbrocht nei it buro. De plysjeman hat oanjefte dien.