Winst Flyers yn Eindhoven

17 nov 2013 - 12:01
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

De UNIS Flyers ha ek de twadde wedstriid fan it wykein wûn. Yn Eindhoven waarden de Kemphanen mei 3-0 ferslein. Nick Kuiper sette de Feanster iishockeyers yn de earste perioade op foarsprong. Nick de Jong die foar de Flyers itselde yn de twadde perioade en Joey Oosterveld yn de tredde perioade. Ofgeande op de kânsen hie de oerwinning rommer útfalle moatten. De Flyers stean no op it tredde plak mei 15 punten út 11 wedstriden, Den Haach hat 16 út 11. Tilburch is koprinner mei 24 út 13.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)