Sven, Jan en Koen: wrâldrekôr

17 nov 2013 - 01:19

Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij ha foar Nederlân mei in wrâldrekôr de ploege-efterfolging yn Salt Lake City wûn. In wike lyn yn Calgary die itselde trio dat ek al. Doe kaam der 3.37.17 op de klokken, no 3.35.60. Amearika, mei Shani Davis, Brian Hansen en Jonathan Kuck, waard yn in rjochstreeks duel ferslein. De Amerikanen kamen út op 3.37.22, krekt boppe de âlde toptiid fan Nederlân. Súd-Koreä waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)