Goud Ireen Wüst yn rekôrtiid

Ireen Wüst © awfoto.nl
Ireen Wüst hat de 1500 meter wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City. Yn de lêste rit dûkte se ûnder de tiden fan Amerikaanske froulju Brittany Bowe (1.52.45) en Heather Richardson (1.52.55). Wûst ferbettere sels har Nederlânsk rekôr. Dat stie op 1.52.38 , it waard 1.52.08. Yn 2005 sette de Kanadese Cindy Klassen it wrâldrekôr del yn 1.51.79. Lotte van Beek, in wike lyn de bêste yn Calgary, waard fjirde yn 1.53.05.
Shani Davis wie de bêste op de 1000 meter yn 1.06.88 foar Kjeld Nuis yn 1.07.02. Sjoerd de Vries waard 15e yn 1.08.34.