Aris ferliest fan koprinner

De basketballers fan Aris rûnen sneontejûn tsjin it sânde ferlies op. Koprinner Zwolle wûn mei 86-60. Yn it earste kwart wie Aris yn it Kealledykje de bettere ploech, de Ljouwerters namen doe in 20-14 foarsprong. Healwei hie Zwolle de skea al ynrûn troch it twadde kwart mei 23-11 te winnen.
Nei it skoft waard it ferskil allinnich mar grutter. Stephen Lumpkins wie mei 15 punten de bêste Aris skutter.