Winst follybalfroulju Snits

De follybalsters fan Snits ha it earste ferlies fan ferline wike knap ferwurke. De útwedstriid by Weert waard mei 3-1 wûn. De earste set gong mei 25-23 nei de Snitser froulju. Yn de twadde gong it noch better: 25-15 foar de ploech fan trainster Petra Groenland. De thúsploech pakte de tredde set mei 25-20, mar dêrnei makke Snits dien wurk: 25-18. De ploech hat no 16 punten út 7 wedstriden, goed foar it tredde plak achter Alterno en Sliedrecht Sport.