Foarlêze mei Dieuwertje Blok

Dieuwertje Blok hat sneontemiddei yn de Stadhouderlijk Hof yn Ljouwert foarlêzen út it grutte Sinteklaas-ferhaleboek. De Giele Seal fan it Stadhouderlijk Hof siet oan 'e kop ta fol mei bern. It foarlêzen wurdt dien yn it ramt fan it lanlike foarlêsprojekt.
Yn alle provinsjes wurdt foarlêzen yn in boekwinkel of bibleteek. Omdat de boekhannel De Toverlantaarn gjin plak hie foar safolle bern, waard keazen foar dizze lokaasje. De bern hawwe in prachtich foarlêsoerke hân mei Dieuwertje Blok.