Ynbrekkerij yn Easterbierrum

Plysje-embleem © ANP
De plysje ûndersiket twa wenningynbraken dy't freed tusken 5 oere middeis en 10 oere jûns west hawwe. Dat wie yn Easterbierrum en op It Hearrenfean. Yn in hûs oan de Ljipstrjitte op It Fean kamen de dieders deryn troch in rút oan de achterkant. Der waarden sieraden stellen.
Yn Easterbierrum waard by in hûs oan de Hoarnestreek op deselde wize ynbrutsen. Hjir waarden in tillevyzje, in laptop en in spulkompjûter stellen. De plysje siket fan beide ynbraken tsjûgen.