ONS net foarby nûmer lêst

16 nov 2013 - 17:00
  • Jurjen Bosch yn aksje tsjin Ter Leede
  • Tjisse Kerkstra yn gefjocht mei in spiler fan Ter Leede
  • Curty Gonzales

ONS Boso Snits hat sneon op eigen fjild teloarstellend mei 1-1 lykspile tsjin de nûmer lêst Ter Leede. De Snitsers spilen net sekuer yn in leech tempo en hienen muoite de bal yn de ploech te hâlden. Yn de earste helte krige Chris de Wagt in pear bêste kânsen op de 1-0, mar it slagge net.

Nei rêst makke Sandor van der Heide it ferskil foar de Snitsers. Mei in pracht fan in lob soarge de rûtinier in kertier foar de ein foar de 1-0. Yn ekstra tiid krigen de Snitsers it lid op 'e noas doe't Ter Leede de 1-1 makke.

De ploech fan trainer Bert Hollander stiet nei 12 wedstriden op 17 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)