Fjirde winst Drachtster Boys

Drachtster Boys hat sneon de fjirde oerwinning fan it seizoen pakt troch mei 3-1 te winnen fan WHC. Yn Wezep soarge Jacob Bras foar de betide iepeningstreffers foar de ploech fan trainer Fred de Boer. Sicco Bouwer wreide de marzje foar it skoft út nei 2-0.
Yn de twadde helte makke de thúsploech de oanslutingstreffer en wie de spanning werom. Jacko de Jong smiet de wedstriid mei de tredde treffer foar Drachster Boys yn it slot. De ploech fan Fred de Boer sammele mei fjouwer kear winst en twa lykspullen 14 punten út 10 wedstriden.