Harkiten slepe winst út fjoer

16 nov 2013 - 16:23

Harkemase Boys hat sneon op sportpark De Bosk in 2-1 oerwinning op Berkum út it fjoer sleept. De gasten út Berkum setten yn de 22e minút de iepeningstreffer op it boerd. Johnsen Bacuna makke fiif minuten foar rêst de lykmakker.

Nei it skoft tekene Bacuna mei in kanonskûgel foar de 2-1 foar de Boys. Berkum krige in tal knappe kânsen mar goed keeperswurk fan Michael Kampjes foarkaam de 2-2. In penalty fan Gersinio Constancia hie de wedstriid yn it slot smite kinnen, mar de spits fan de Boys fersomme te skoaren.

It is de sânde oerwinning út njoggen wedstriden foar de ploech fan trainer Willem Brouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)