'Undersyk It Fean moat oer'

16 nov 2013 - 16:02

Fox IT, in grut bedriuw dat ûndersyk docht nei ynternetfeilichheid, advisearret dat it ûndersyk nei it lekken fan fertroulike mails by de gemeente Hearrenfean oerdien wurdt. Boppedat moat ûndersocht wurde wêrom't der gjin ekstern buro ynskeakele is.

Ut it ûndersyk fan boargemaster Van der Zwan waard dúdlik dat Gemeentebelangen fertroulike stikken nei de parse lekt hat. De gemeente hat dat sels ûndersocht, mar dat hie in ûnôfhinklik buro wêze moatten.

Neffens Fox IT binne de objektiviteit en saakkundigheid no yn it geding, om't it ûndersyk troch de gemeente sels útfierd is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)