Drachtster fytser slim ferwûne

Ambulânse © ANP
In 76-jierrige fytser is sneontemoarn slim ferwûne rekke by in ferkearsûngelok op de Lange West yn Drachten. In 41-jierrige frou út Drachten kaam fan it Ald Ambacht ôf, mar joech de man gjin foarrang. De man rekke dêrby ûnder de auto en waard in ein meisleept.
In traumahelikopter dy't ûnderweis wie nei it slachtoffer koe troch de mist net op 'e grûn komme. De helikopter is dêrom útwykt nei it terrein fan Kijlstra Ambulance en Personen Vervoer. De man is úteinlik mei de ambulânse oerbrocht nei it UMC yn Grins.