Sinteklaas feilich oankommen

16 nov 2013 - 14:28
  • Sinteklaas komt oan yn de Prinsetún
  • Sinteklaas komt oan yn de Prinsetún
  • Der stiene in soad bern op Sinteklaas te wachtsjen
  • Der stiene in soad bern op Sinteklaas te wachtsjen

Sinteklaas en de Piterbazen binne sneontemiddei goed yn Ljouwert yn de Prinsetún oankaam. De bern stiene dêr al te wachtsjen.

Sinteklaas fertelde dat it wer in lange reis út Spanje west hie, mar dat er bliid is no wer by de bern yn Fryslân op besite te wêzen. En ek al is der ekonomyske krisis, it is Sinteklaas dochs slagge om foar alle bern in lyts kadootsje mei te nimmen.

Nei de yntocht fan Sinteklaas komt Dieuwertje Blok tusken 16 en 17 oere nei de Gele Zaal fan it Stadhouderlijk Hof yn Ljouwert om ferhalen foar te lêzen út it grutte Sinteklazesjoernaal. Sy docht dat yn it ramt fan it Jier fan it Foarlêzen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)