Britt Hendrix oanriden

16 nov 2013 - 13:42
  • Britt Hendrix yn ried PvdA

It jongste riedslid fan Nederlân, Britt Hendrix fan de PvdA út Ljouwert, is tongersdeitejûn oanriden. Hendrix fytste op de Molenstrjitte doe't in auto mei grutte snelheid oankaam en op har ynried. Hendrix, dy't ûnderweis wie nei in fraksjegearkomste, foel mei har holle op 'e stoepe. De automobilist ried lykwols troch.

Hendrix hat der in lichte harsenskodding en in skaafplak op 'e foarholle oan oerholden, mar se fertelt dat it no wer goed giet. Hendrix seit dat der gjin opset yn it spul wie, se docht gjin oanjefte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)