Breeuwsma njoggende op 500 m

Daan Breeuwsma © ANP
Shorttracker Daan Breeuwsma fan Aldeboarn is sneon op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn it Russyske Kolomna as njoggende einige op de 500 meter. Yn de kwartfinale moast er in ronde foar de ein tasjen hoe't de Kanadees Olivier Jean ûnder him trochkaam. Breeuwsma einige dêrtroch as tredde en pleatste him net foar de heale finales. De winst op de 500 meter gong nei de Rus Victor An.