Ferlet fan technysk personiel

Technyske bedriuwen driigje Fryslân te ferlitten as der net gau mear technysk personiel by komt. Der giet in grutte groep mei pensjoen, mar ferfangers binne der noch net. Der sit te min jeugd op de technyske opliedings.
Der wurdt al jierren aksje fierd om bern foar de technyk te ynteressearjen, mar oant no ta smyt dat net genôch op. En dus tinke hieltiid mear bedriuwen nei oer in takomst yn it bûtenlân, want dêr binne noch wol technyske minsken. De oare opsje is om de technyske minsken út it bûtenlân hjir hinne komme te litten.