A31 ticht troch brân yn auto

16 nov 2013 - 11:17

De A31 tusken Dronryp rjochting Ljouwert hat sneontemoarn in skoftke ticht west foar it ferkear. By de ôfslach Marsum wie in frachtwein fan MCDonalds yn 'e brân flein. Der ûntstie yn beide rjochtings in file fan sa'n 4 kilometer. Yn de frachtwein siet ôffal en dat soarge foar in soad reek, mar de brânwacht hie de saak gau ûnder kontrôle.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend, mar der wie gjin sprake fan in oanriding. De sjauffeur hat de truck loskeppele, sadat dy gjin skea oprûn.

Trefwurden: 
A31 brân ticht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)