FrieslandCampina nei Sina

16 nov 2013 - 08:45

FrieslandCampina en de universiteit fan Wageningen sille de Sineeske suvelsektor stypje mei it ferbetterjen fan de produksje, de kwaliteit en de feiligens. Om dat doel te berikken wurdt yn Sina in ûndersyks- en kennissintrum oprjochte.

Premier Rutte wie der sneon by doe't in oerienkomst tekene waard mei de China Agricultural University yn Peking. De fraach nei molke en oare suvelprodukten yn Sina nimt bot ta. Yn 2011 lei de Sineeske molke-yndustry ûnder fjoer, om't der melamine yn molke en molkpoeier oantroffen waard.

De fraach nei Nederlânske molkeprodukten naam dêrtroch bot ta yn Sina.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)