Oenema rydt wol NK koartebaan

© Foto Martin de Jong
Thijsje Oenema kin freed dochs meidwaan oan it NK koartebaan foar froulju yn Alteveer. De organisaasje begjint op har fersyk twa oeren letter mei de wedstriid. Se hie dêrom frege om't se freed om 12 oere op Schiphol oankomt.
Oenema hat it ôfrûne wykein it WK sprint yn it Kanadeeske Calgary riden en is op it stuit noch yn New York. Coach Peter Kolder sil de Jouster begeliede nei it NK koartebaan yn Alteveer.